Milan klear foar Hearrenfean

19 okt 2008 - 19:58

AC Milan, tongersdei de tsjinstanner fan de Sportclub Hearrenfean yn it UEFA Cup toernoai, hat snein yn it eigen San Siro mei 3-0 wûn fan Sampdoria. De doelpunten fan Milan foelen allegearre yn de twadde helte: twa kear Ronaldinho en Inzaghi. Milan stiet no sechsde op trije punten fan koprinner Inter Milan yn de Searje A.

Hearrenfean-spits Gerald Sibon hat lêst fan in firus en leit op bêd. Hy die sneon al net mei tsjin Roda JC omdat er lêst fan de nekke hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)