Schotanus wint FK damjen

© Omrop Fryslân
Anton Schotanus fan De Like (Grinslân) hat sneon yn Grou it FK damjen wûn. Tjalling Goedemoed fan Ljouwert kaam yn de lêste ronde fan it FK tsjin Katrinus Posthumus fan Easterwâlde op in ûnbesliste partij út. Schotanus pakte tanksij syn winst yn in lange partij tsjin Willem Leijenaar fan Harns de Fryske titel.
De âld-learaar Dútsk folget dêrmei de net-meispyljende Gerlof Kolk fan Ljouwert op. Schotanus waard ek yn 1998 en 2003 Frysk kampioen.