Kontrôle oanhingweinen
By in kontrôle fan oanhingweinen hat de plysje 33 bekeurings útskreaun. Op de Kimslede op It Hearrenfean waarden sneon yn totaal 75 auto's mei oanhingweinen kontrolearre.
De meast foarkommende reden foar in bekeuring wie it ûntbrekken fan in helpkeppeling. Ek hiene guon gjin ljocht, it ferkearde nûmerboerd of fersliten bannen.