Zienn hâldt rekken mei krisis

Opfangorganisaasje Zienn hâldt yn syn nije beliedsplan al rekken mei de gefolgen fan de ekonomyske krisis. Troch de driigjende resesje is de kâns grut dat der hieltyd mear minsken har baan ferlieze of út 'e hûs set wurde.
Mei ekstra begelieding fan de kwetsbere groepen hopet Zienn de skea te beheinen. Fierder wol Zienn de kommende trije jier mear harkje nei har kliïnten. By feroarings yn de opfang of de kar foar nije lokaasjes, sille kliïntepanels ynset wurde.