Nij rekord yn Salt Lake City

Maaike Vos (boarne: KNSB)
De Nederlânske reedrydfroulju ha by de earste wrâldbekerwedstriid shorttrack fan dit seizoen yn Salt Lake City in nij Nederlânsk rekord op de ôflossing riden. It fjouwertal mei dêryn Maaike Vos fan Drachten, sette in tiid fan 4.15,992 del.
Dat is fjouwer sekonden rapper as de âlde tiid fan febrewaris dit jier. De froulju rieden de tiid snein yn de heale finales. Se einigen as fjirde wêrmei't se har kwalifisearre ha foar de B-finales.