Maria Sterk wint op Thialf

Maria Sterk wint (foto: Martin de Jong)
Maratonreedrydster Maria Sterk fan Hallum hat de fiifde wedstriid yn de striid om de KNSB Cup wûn. Op Thialf wûn sy sneontejûn yn de sprint fan Daniëlle Bekkering en Anniek ter Haar. Sterk stiet no ek wer oan de lieding yn it tuskenklassemint.
By de manlju gie de oerwinning ferrassend nei Henk Angenent. Twadde waard Christijn Groeneveld, foar Bart de Vries fan De Haule. Arjan Stroetinga fan Waskemar waard fjirde en bliuwt klassemintslieder.