Botsing yn Drachten

© Omrop Fryslân
In Drachtster (28) is freedtejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. It slachtoffer ried yn syn bestelauto oer De Hemmen en krige gjin foarrang fan in oare automobilist, in man fan 49 jier út Drachten.
Beide auto's rekken inoar. De bestjoerder fan de bestelauto hie noch wol besocht om de oare auto te ûntwiken. Dêrby ried er de stoepe op, botste tsjin in ferkearsboerd en sloech oer de kop. De man rekke ferwûne en is oerbrocht nei it sikehûs.