Liet Lavlut: live fia ynternet

Foar Jelte Posthumus en syn band Pilatus Pas moat it sneontejûn barre. Dan stean de fjouwer manlju yn de finale fan Liet Lavlut, it ynternasjonale sjongfestival foar minderheidstalen.
Dat wurdt dit jier holden yn de yndustrystêd Lulea yn Noard-Sweden. Fryslân is goed fertsjintwurdige, want de band hat in behoarlike groep fans meinaam. Freedtemiddei wie de earste soundcheck yn it teater. It festival is live te folgjen op www.liet.nl.