Al 7000 besikers Lânboumuseum

18 okt 2008 - 13:15

It Frysk Lânboumuseum hat yn de earste moannen op de nije lokaasje yn Earnewâld goed 7000 besikers lutsen. En dat wylst it museum noch net offisjeel iepene is. Fan july ôf koene besikers it nije museum besjen, mar noch net alles wie klear.

Sa moasten der bygelyks noch in tal dekors makke wurde. Ek moast it museum noch foldwaan oan easken fan de brânwacht. Ofrûne wike is dúdlik wurden hokker feroarings der noch komme moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)