'Oerlêst troch sluting keten'

Der komt mear oerlêst op strjitte wannear't alle sûpketen yn de gemeente Nijefurd ticht gean. Ek sykje jongeren oare, gefaarlike plakken, op om by elkoar te wêzen en te drinken. Dit is de ferwachting dy't guon jongeren freed útsprutsen by de ynformaasjegearkomste yn it gemeentehûs yn Warkum.
De gemeente wol ûnder druk fan de hoareka en it Bureau Eerlijke Mededinging alle aâlve keten foar takom maityd slute.