Misbrûk Feankleaster net wier

It famke sei dat se hjir misbrûkt wie
It fjirtjin-jierrige famke dat moandei by Feankleaster misbrûkt wêze soe, hat har ferhaal sels optocht. De plysje hat dat freedtejûn sein nei't út ûndersyk bliken die dat har oanjefte net wier wie. It slachtoffer en har famylje krije slachtofferhelp. Fierder docht de plysje hast gjin meidielings.
It famke hie ferteld dat sy op it Mûzepaad by Feankleaster troch in man oanhâlden en misbrûkt wie. De plysje sette tweintich minsken op de saak en die grut ûndersyk.