Jesper Hospes nei NK-ôfstannen

17 okt 2008 - 21:11

Reedrider Jesper Hospes fan It Hearrenfean hat him freed pleatst foar it NK-ôfstannen yn Thialf ein dizze moanne. Hy waard 7e yn Grins op de 1000 meter yn 1.13.01. Sjoerd de Vries fan Twellingea (4e yn 1.12.21) en Sietse Heslinga (9e yn 1.13.26) pleatsten harren ek.

By de froulju binne trije Friezinnen kwalifisearre foar it NK-ôfstannen op de 1000m. Dat binne Anice Das (1.21,47), Wieteke Cramer (1.21.51) en Frederika Buwalda (1.21.88).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)