Fryslân wol minderhedefestival

17 okt 2008 - 14:30
Foto: Omrop Fryslân

Yn Fryslân moat in festival foar minderheidskultueren komme. Alle regio's mei in minderheidstaal meie op dat festival wat fan har eigen kultuer sjen litte op it Fryske plattelân. It idee waard freed nei bûten brocht op in kongres oer minderheidskultueren op it Liet Lavlut-festival yn Sweden.

It festival moat in oanrin wêze foar de winsk fan Fryslân om yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa te wurden.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)