Dantumadiel meldt fúzjewinsk

Sa soe Dokkumerlân derút komme te sjen
Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Dantumadiel wolle in fúzje mei Dongeradiel en Kollumerlân. Dat hat de gemeente freed bekend makke. De nije gemeente soe Dokkumerlân hjitte moatte. De trije gemeenten foarmje mei inoar in sterke plattelânsgemeente mei goed 57.000 ynwenners.
De gemeente kiest net foar in fúzje mei Ferwerderadiel en Achtkarspelen. Nettsjinsteande dat dy lêste gemeente wol yn it NOFA-gearwurkingsferbân meidocht.