PvdA wol gau opfolger Waanders

17 okt 2008 - 10:53

De PvdA yn Ljouwert wol gau in nije wethâlder fine. Tongersdei waard bekend dat PvdA-wethâlder Marga Waanders foardroegen wurdt as nije boargemaster fan Dongeradiel. PvdA-fraksjefoarsitter Feitsma is bliid foar Marga Waanders, mar wol dat gau in opfolger fûn wurdt.

Marga Waanders hat acht jier wethâlder west fan Ljouwert. Se wie ûnder oare ferantwurdlik foar in tal grutte bouprojekten, wêrûnder it Nij Saailân en de wyk De Súdlannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)