Frjentsjer krijt nije sporthal

© Omrop Fryslân
Frjentsjer krijt dochs in nije sporthal. Der wie in pear jier lyn al 2,8 miljoen euro útlutsen foar de bou, mar koartlyn die bliken dat it projekt twa miljoen djoerder útfalt. Dat komt foaral troch de stiging fan de bou- en materiaalkosten. Fierder wurdt it parkearterrein grutter as pland wie.
Wêr't it ekstra jild weikomme moat, is noch net dúdlik, mar de riedskommisje hat wol ynstimd mei de plannen. De nije sporthal is nedich omdat de âlde net mear fan dizze tiid is.