Man slim ferwûne nei fal trep

17 okt 2008 - 10:36
Foto: Omrop Fryslân

In 73-jierrige man út Sibrandabuorren is tongersdeitejûn slim ferwûne rekke by in fal fan de trep. It ûngelok barde yn in hûs yn Tytsjerk.

It is net dúdlik hoe't it krekt barre koe. De man is mei nei alle gedachten harsenletsel mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)