Frou fan pinpas bestellen

17 okt 2008 - 10:21

In frou út it Grinslanner Niekerk is tongersdei yn Bûtenpost bestellen. Se hie krekt jild út de automaat helle, doe't twa manlju fregen oft se wikselje koe. Fuortendaliks pakte ien fan har twa bryfkes fan tsien om te wikseljen tsjin ien fan twintich. De oare man joech har in triuwke.

De frou skrok en gie de winkel yn dêr't se flakby stie. Doe't se dêr ôfrekkenje soe, fernaam se dat se har pinpas miste. De plysje hat noch nei de dieders socht, mar dy binne net fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)