Brommerkontrôle yn Drachten

17 okt 2008 - 10:14

By in brommerkontrôle yn Drachten hat de plysje tongersdei 19 minsken op de bon slingere. De measten krigen in bekeuring omdat se de brommer opfierd hiene, trije kear wie dat mei mear as 15 kilometer.

Trije kear waarden brommerriders bekeurd omdat se de ferljochting net yn oarder hiene, en ien kear omdat in brommer te glêde bannen hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)