Feanfroulju ferlieze fan ADO

16 okt 2008 - 22:53

De froulju fan Sportclub Hearrenfean hawwe trije skoandere punten ferlern. Op sportpark Skoatterwâld ferlear Hearrenfean mei 1-0 fan ADO Den Haach. By in oerwinning hie Hearrenfean oansluting hâlden by de top, mar no bliuwe se fjirde.

Nei in strieminne earste helte, skoarde Sheila van den Bulk de iennichste goal. ADO spile tsien minuten foar tiid nei in reade kaart mei tsien froulju, mar Hearrenfean makke de kânsen dy't se krige net ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)