Feanheaflinter yn Fryslân

Feanheaflinters (veenhooibeestjes)
It Fryske part fan natuergebiet it Fochteloërfean is dizze moanne it toaniel fan in Europeeske primeur op flintermêd. Dat it tige seldsume Feanheaflinterke yn it gebiet te finen is, wie al bekend. Mar oant no ta wie it noait hiel let yn it jier sjoen en seker net yn oktober.
Frijwilliger Judith Bouma hat dizze moanne lykwols Feanheaflinters sjoen. En dat is in Europeeske primeur. Saakkundigen binne no oan it harseskraabjen oer hoe't dit kin.