Snitser muzikanten nei Kenia

16 okt 2008 - 17:01

In groep fan 21 jonge muzikanten út Snits sil yn novimber nei de sloppewiken fan Nairobi yn Kenia. De jongerein sil dêr mei Rotterdamske dûnsers in foarstelling opfiere.

Ut ferskate Europeeske en Afrikaanske lannen sille oare groepen jongeren komme om ek foarstellingen te jaan. Bygelyks Noarwegen, Ethiopië en Tanzania. De bedoeling is dat de jeugd fan elkoars kultueren wat opstekke sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)