Shipping hat lêst fan krisis

16 okt 2008 - 16:54

De finansjele krisis hat ek gefolgen foar de Harnzer rederij JR Shipping. Dy wol in nij skip bouwe litte, hat dêr jild foar nedich, mar moat alle seilen bysette om partikulieren te finen dy't mei ynvestearje wolle yn it skip.

Dêrneist sjocht de rederij ek ôf fan it plan om noch twa oare skippen bouwe te litten. Om minsken dy't teloarsteld binne yn de beurs safier te krijen no te ynvestearjen yn in skip, is JR mei in spesjale reklamekampanje begûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)