Aris ferliest al wer

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris Friesland hawwe woansdei foar de fjirde kear op rige ferlern. Tsjin Bergen op Zoom giene de mannen fan coach Miller mei 91-80 ûnderút. Aris begûn min mar kaam yn it twadde en tredde kwart goed werom. Dêrnei rûn Bergen op Zoom wer út. Topskoarder foar Aris wie Matt Bauscher mei 24 punten.
Aris stiet nei fjouwer wedstriden as iennichste ploech noch op nul punten. Takom sneon spylje de Ljouwerters thús tsjin Nijmegen.