Mear foarljochting drug GHB

Ferslavingsoarch Noard Nederlân sil ekstra ynsette op foarljochting oer it gebrûk fan GHB. Dat is nedich om't de drug foaral yn en om It Hearrenfean hieltyd populêrder wurdt. Hieltyd mear minsken bedarje troch it brûken fan GHB yn it sikehûs.
De drug is lestich te dosearjen en kin dêrom libbensgefaarlik wêze. Sa kin de lichemstemperatuer troch dizze drug sakje, kin it problemen jaan foar it sykheljen en kinne je boppedat ek noch fan dizze drug út de tiid reitsje.