Saxenoord wreidet út

© Omrop Fryslân
Wensoarchsintrum Saxenoord yn Frjentsjer wurdt útwreide. Der komt in wenfoarm foar tolve dementearjende âlderen. Fierder komme der tweintich wenningen foar âlderen dy't op harsels wenje kinne, mar wol gebrûk meitsje fan de soarch fan Saxenoord.
De nije wenfoarm foar dementearjenden betsjut dat se no gewoan yn Frjentsjerteradiel wenjen bliuwe kinne. Oant no ta moasten se útwike nei Harns of Ljouwert. De nijbou moat yn 2010 klear wêze.