Undersyk oanranding fierder

16 okt 2008 - 11:38
Foto: Omrop Fryslân

Yn de saak fan de oanranding fan in famke, moandei by Feankleaster, praat de plysje mei trije minsken. Sy waarden woansdei al as tsjûgen heard, doe't de plysje in passante-ûndersyk hold. Har ferklearringen binne nijsgjirrich genôch om fierder oer te praten, neffens de plysje.

Mei it 14-jierrige famke is ek noch wiidweidich praat. Sy fytste moandei oer it Mûzepaad rjochting Feankleaster, doe't in man har tsjinhold en oanrande.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)