Suderseejild foar ûnderwiis

16 okt 2008 - 10:58

Fan it Súderseejild moat ien persint bestege wurde oan projekten om de relaasje tusken it ûnderwiis en bedriuwslibben te ferbetterjen. Dat sei direkteur Siem Jansen fan de Noardelike ûntwikkelingsmaatschappij (NOM) op in ûnderwiisbyienkomst yn Drachten.

It giet dan om in bedrach fan 22 miljoen euro dêr't projekten mei opset wurde kinne om bygelyks bedriuwen dy't ferlet hawwe fan personiel te belûken by it ûnderwiis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)