Agressive man yn Elslo oppakt

16 okt 2008 - 10:04

De plysje hat tongersdei yn Elslo in 24-jierrige ynwenner fan Zorgvlied oanholden foar fernielerij. In kroechbaas hie de man út syn saak set omdat er him misdroech. Bûten trape de fertochte in dûk yn de auto fan de kroechbaas.

Hy rûn ek oer de auto hinne fan in man út Nijeholtwâlde en trape it foarrút fan dy auto yn. Dy man wie yn de buert op besite en hie neat mei de saak te krijen. De fertochte fersette him bot by syn oanhâlding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)