Plysje lestich fallen

© Omrop Fryslân
Plysjeminsken wurde op strjitte geregeld oansprutsen op de miljoenestrop dy't by de bou fan nije plysjeburo's ûntstien is. At se in bekeuring jouwe, krije se it ferwyt dat se dat dogge om tekoarten fuort te wurkjen.
De lilke boargers referearje dêrmei oan de 69 miljoen oerskrieding dy't fan 2000 ôf oprûn is. Om te ûndersykjen hoe't dat ûntstien is, is der in kommisje ynsteld mei as foarsitter eks-minister Wim Deetman.