Liet Lavlut live op ynternet

15 okt 2008 - 14:39

Liet Ynternasjonaal is sneontejûn live te folgjen op ynternet. De fyfde edysje fan it sjongfestival foar minderheidstalen is sneon yn Lulea yn it noarden fan Sweden. Fryslân wurdt dêr fertsjintwurdige troch Jelte Posthumus en syn band Pilatus Pas.

De finale fan Liet Lavlut, sa't it festival yn Sweden hjit, hat alve ferskes yn likefolle minderheidstalen. Njonken Frysk wurdt der ek songen yn ûnder oare it Sámi, Asturysk, Wels, Bretonsk, Galisysk en Mordvinysk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)