Zeerobben skorst spilers A1

Zeerobbenspilers ha tsjinstanner skopt
Fuotbalklub Zeerobben skorst spilers fan de A1-seleksje nei in rel fan de Harnzer klub tsjin Heerenveense Boys. Yn de wedstriid krige Jasper de Heij (17) fan It Hearrenfean skoppen fan 3 of 4 Harnzer spilers. Nei in skop tsjin de holle rekke er út de tiid en slokte de tonge yn. Hy is nei it sikehûs brocht mei in harsenskodding en in kniesde nekkewervel.
Zeerobben docht alle war om de dieder te achterheljen, mar de klub wit net wa't him tsjin de holle trape hat.