Jonges bedrige op fiadukt

© Omrop Fryslân
De plysje siket twa jonges dy't sneon oan 'e ein fan 'e middei op it fiadukt oer de A7 by Haskerhoarne bedrige binne. In foarbygonger seach in automobilist by twa jonges op 'e fyts stean oan 'e Flueskamp. Neffens him wie de automobilist hiel lilk. Hy seach dat er harren bedrige mei wurden en in mes.
Doe't de automobilist wer fuortriden wie, hat de foarbygonger de jonges oanret oanjefte te dwaan by de plysje. Dat hawwe se oant no ta noch net dien.