Proefboarring by Waaksens

Gaswinbedriuw Vermilion wol ein takom jier begjinne mei in proefboaring nei gas by Waaksens. Dat waard tiisdeitejûn bekendmakke op in ynformaasjebyienkomst foar ynwenners fan Waaksens en omkriten. Mocht der in soad gas yn de grûn sitte dan sil de winning soargje foar in boaiemdelgong fan tusken 1,6 en 3,3 sintimeter.
Nettsjinsteande de útlis binne guon bewenners der net gerêst op. Sy binne binne benaud foar skea oan har wennings en boaiemdelgong.