Gaasterlân net by SW-Hoeke

14 okt 2008 - 23:16

De gemeente Gaasterlân-Sleat hat tiisdeitejûn keazen foar gearwurking mei Skarsterlân en Lemsterlân. De takomstplannen soargje foar ferdieldheid yn de polityk. In minderheid wol al fierder mei de Súdwesthoeke-gemeenten.

De mearderheid kiest dêr net foar út eangst foar in té grutte gemeente. Mei de kar foar Skarsterlân en Lemsterlân wurdt de weryndieling op de lange termyn skood: beide beëage partners sitte der noch net om te springen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)