Kompjûterspultsjes op skoalle

Les fia kompjûterspultsjes
Dosinten moatte tenei faker kompjûterspultsjes brûke yn de klasse. Fia spultsjes leare bern hjoed de dei makliker taal, rekkenjen en skiednis, fynt de NHL yn Ljouwert. Studinten fan de learare-oplieding hawwe tiisdei test oft dat yndie it gefal is.
Dochs binne der ek gefaren en dêr wiist de NHL syn studinten ek op. Sa rint der in rjochtsaak tsjin twa jonges fan it Piter Jelles dy't in oare jonge op in kompjûterspul bestellen hawwe.