Harns hoedener mei binnenstêd

14 okt 2008 - 10:38

De gemeente Harns sil tenei better rekken hâlde mei de âlde histoaryske binnenstêd at se in boufergunning ôfjouwe. Dy ôfspraak is makke mei de feriening "Oud Harlingen".

De feriening hie beswier makke tsjin de bou fan in parkeargaraazje by in hotel yn de binnenstêd. De rjochter stelde de feriening yn it gelyk en tikke de gemeente op de fingers. Dy soe te maklik in boufergunning ôfjaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)