Fee bliuwt yn Noarderleech

Dit wol de boargemaster net wer sjen
Nei woansdei rint der noch gewoan fee yn it Noarderleech by Marrum. De bisten binne eigendom fan partikulieren dy't sels grûn ha yn it bûtendyks gebiet. Dêr hat de gemeente Ferwerderadiel neat oer te sizzen.
Boargemaster van der Berg wol dat al it fee fuorthelle wurdt en net allinnich de bisten op it lân fan it Fryske Gea. Sa wol hy in drama lykas twa jier lyn mei de hynders foarkomme. De eigners fan it fee dat stean bliuwt sizze dat it sa mâl net gean sil.