50.000 euro op lot Easterwâlde
Der is in priis fan 50.000 euro fallen op in lot dat yn Easterwâlde ferkocht is. It lot fan de Staatsloterij is ferkocht by Primera de Primeur yn it doarp.
Earder is der ek alris 50.000 euro op in lot fallen dat dêr kocht waard. De Staatsloterij ferwachtet dat de winner fan it lot him binnen twa dagen by har melde sil.