Subsydzje foar Skylger bier

Fjouwer jonge ûndernimmers op it eilân Skylge krije in ton út de pot foar plattelânsprojekten foar de Waadeilannen om bier fan Skylge op de merk te bringen. De ûndernimmers wolle in lytse brouwerij opsette en dêrby de hiele keten fan it ferbouwen oant it ôfnimmen fan it guod yn eigen hân hâlde.
It moat in unike konstruksje wurde yn Nederlân, omdat it hiele proses op it eilân plakfynt. De kosten fan it projekt binne sa'n heal miljoen euro.