Soad boetes yn Stellingwerven

© Omrop Fryslân
By ferskate ferkearskontrôles yn West- en Eaststellingwerf hat de plysje snein mear as 160 boetes útdield. De measte bekeurings waarden útskreaun by in kontrôle op te hurd riden op ´e Nieuweweg yn Noardwâlde.
147 bestjoerders rieden dêr hurder as de tastiene 60 kilometer yn ´e oere. Trije motorriders giene sa hurd, dat se it rydbewiis ynleverje moasten. In motorrider (44) fan Súdlaren ried mei 134 kilometer yn ´e oere troch de Weperpolder by Easterwâlde.