Trije ferwûnen nei klapbân A7

© Omrop Fryslân
By in ûngelok op de A7 by Drachten binne sneintemiddei trije minsken ferwûne rekke. It giet om in berntsje fan in jier en in man en in frou fan 33 en 28 jier út Holwierde. Troch in klapbân rekke harren auto yn de berm.
De auto kaam op 'e sydkant ta stilstân yn in sleat. De trije ynsittenden waarden troch omstanners út de auto helle. Dêrnei waarden se mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.