'Oerheid moat kafees helpe'

12 okt 2008 - 17:28

Fryske kafees dy't net bestean bliuwe kinne troch it smookferbod, moatte help fan de oerheid krije, fynt it hoarekabûn yn Fryslân. It Nederlânske Hoarekabûn pleitet snein foar ekstra Ryksjild yn in side-grutte advertinsje yn De Telegraaf.

It smookferbod jildt no goed trije moanne, mar it Hoarekabûn is benaud foar slimme gefolgen. Troch minder omset en sfear en de heger wurdende aksijnzen op bier driigje in soad lytsere kafees te ferdwinen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)