Feroarsaker ûngelok naait út

© Omrop Fryslân
In 20-jierrige autobestjoerder út Aldehaske is sneontenacht útnaaid neidat er op It Hearrenfean in ûngelok feroarsake hie. De plysje kaam de man op it spoar neidat in 24-jierrige passazjier fan de man nei it ûngelok oan de Trambaan oanholden wurde koe. Hy wie út de auto stapt.
De passazjier út Ljouwert woe lykwols net sizze wa't er wie. Hy hie wol de autokaaien fan de bestjoerder by him. Dy waard letter oanholden en joech ta dat er it ûngelok feroarsake hie.