ONS en Harkemase Boys winne

© Omrop Fryslân
Beide Fryske sneonshaadklassers ha har wedstriid wûn. ONS Snits spile op it eigen fjild tsjin Oranje_Nassau út Grins. De Snitsers wûnen yn in net al te bêste wedstriid mei 1-0, troch in doelpunt djip yn de twadde helte fan Rudy_Mann.
Harkemase_Boys die goede saken yn Kampen. De manlju fan trener Henk de Jong wûnen mei 3-1 fan Go Ahead. Roel_van_der_Meulen skoarde yn de earste helte, Dennis van den Driessche en Oebele_Schokker yn de twadde helte.