NHL-studint om it libben kaam

NHL-studint omkaam yn Súd-Afrika
In kommunikaasje-studint fan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert is tongersdei yn Súd-Afrika om it libben kaam. It giet om de 20-jierrige Niels Kolkman út Raalte. De studint wie mei in fiif oare studinten yn in buske ûnderweis fan Súd-Afrika nei Namibië.
It buske sloech oer de kop doe't se besochten in wyld bist op de dyk te ûntwiken. Kolkman rûn mei in oare studint staazje yn Súd-Afrika. Dy oare studint leit mei lichte ferwûnings en yn shock yn it sikehûs.