Koart plysjenijs

11 okt 2008 - 13:03

In 45-jierrige man út Oerterp is freed yn Drachten oanriden troch in auto. De man woe mei syn fyts de Noarderhegewei oerstekke. It slachtoffer waard opfongen troch de autobestjoerder en is letter mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean.

Yn in gebou oan de Wetterkant op De Gordyk is in klús stellen. Yn de nacht fan tongersdei op freed is der in rút iepenbrútsen wêrtroch't de ynbrekkers nei binnen kaam binne. Yn de klús siet in bedrach fan inkele tûzenen euro's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)