Hearrenfean wint oefenduel

11 okt 2008 - 10:47

Sportklub Hearrenfean hat freedtejûn de oefenwedstriid tsjin it Belgyske Zulte Waregem mei 2-1 wûn. Yn de 13e minút makke Paulo Henrique de earste goal. Sân minuten letter soarge Bonaventure Kalou foar de 2-0. Krekt foar rêst kamen de Belgen werom troch Leandro Barrios, mar dêrnei waard net mear skoard.

Hearrenfean miste seis ynternasjonals. It middenfjild bestie dêrtroch út Michael Dingsdag, Xander Houtkoop en Kalou. Roy Beerens moast siik nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)