Wente Lippenhuzen útbaarnd

11 okt 2008 - 10:37

By in brân sneontemoarn yn Lippenhuzen is in wenning folslein útbaarnd. De melding kaam om in oere as seis binnen by de brânwacht fan Jobbegea. Doe't dy by de wente oankaam wie it al in útslaande brân. De wenning stie leech en soe ferboud wurde. Om't der gefaar wie foar ynstoarting binne de muorren mei in kraan nei ûnderen helle.

De brânwacht hat oeren dwaande west mei neiblussen. Wat de oarsaak fan de brân is wurdt noch útsocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)