Kwalik jild foar swalkjongeren

11 okt 2008 - 10:12

Deputearre Schokker wol nei Den Haach ta om oan te trunen op mear jild foar de opfang fan swalkjongeren. De Noardlike opfangorganisaasje Zienn late earder de needklok oer de finansiering fan dy opfang.

Troch besunigings op de AWBZ, de algemiene wet bysûndere syktekosten is der kwalik jild foar dy opfang. Schokker makket har dêr soargen oer, earder hat se minister Rouvoet ek alris om struktureel jild frege. Sy wol dat no opnij dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)